Gebouwen Smellingerlân op foto

© Omrop Fryslân
Alle gebouwen yn Smellingerlân wurde yn maaie op de foto set. Dat wurdt dien troch in spesjaliseard bedriuw. Dat sil mei in auto mei dêrop in kamera troch de strjitten ride. Om de tsien meter stiet de auto stil en makket de kamera foto's fan de omjouwing.
De opnamen wurde troch de gemeente brûkt, bygelyks by it fernijen fan bestimmingsplannen en oanfragen foar boufergunnings. It meitsjen fan de foto's duorret sa'n trije wiken.