Gjin hûnetrening yn Sigerswâld

15 apr 2005 - 15:47

De Koninklijke Nederlandse Politiehondenvereniging, de KNPV, moat in oar plak yn Opsterlân sykje om de hûnen te trenen. De gemeente jouwt gjin fergunning mear foar it terrein oan de Beakendyk yn Sigerswâld. Dêr hawwe omwenners der tefolle lêst fan.

De gemeente sil op syk nei in alternatyf, mar wethâlder Hoen tinkt dat dat dreech wurdt. De KNPV hat trouwens neat mei de plysje te krijen. Dy treent syn hûnen yn Assen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)