Skoalle De Hommerts wint priis

© Omrop Fryslân
Groep 7 en 8 fan de Van Haersma Bumaskoalle fan de Hommerts binne winner wurden fan it lanlike televyzjeprojekt 'De Rookvrije school'. Boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel hat de learlingen tongersdei de priis útrikt.
Doel fan it projekt wie om op bysûndere wize kampanje te fieren tsjin smoken. Bern fan de Van Haersma Bumaskoalle ha dat dien troch ûnder oare in poster en in reklamespotsje te meitsjen.