Bletterman hâldt op fan turnjen

© Omrop Fryslân
Turnster Nathalie Bletterman hâldt op mei turnjen. De Ljouwerter wol har dit jier konsintrearje op har skoaleksamens. Ek kin se it mentaal net mear opbringe. De 16-jierrige siet yn de Oranjeseleksje en wie lid fan de turnskoalle Hearrenfean.
Bletterman jildt as it grutste talint fan de turnskoalle. Har beslút betsjut in grut ferlies. Bletterman tinkt der noch wol oer nei om nei har eksamens it turnjen wer op te pakken.