Kommisje Ter Idzert stoppet

14 apr 2005 - 15:58

De pleatslike kommisje fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken yn Ter Itzert is opstapt. Reden is dat de kommisjeleden de âlde Roamske tsjerke yn it doarp folslein restaureare wolle. Dêr binne plannen foar, mar it duorret neffens de kommisje te lang foardat der aksje ûndernaam wurdt.

It bestjoer fan de stifting Alde Fryske Tsjerken fynt it spitich dat de kommisje opstapt is. Der is foar earst gjin jild foar in grutte renovaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)