Eksposysje befrijding Opsterlân

© Omrop Fryslân
Op de Gordyk is woansdei de eksposysje "60 jier befrijding Opsterlân" iepene. De útstalling jout oan de hân fan foto's en foarwerpen in byld fan de oarlochsjierren yn de 16 doarpen fan Opsterlân.
Op it plattelân wiene yn de oarlochsjierren in soad ûnderdûkers ûnderbrocht. De eksposysje yn streekmuseum Opsterlân is benammen bedoeld foar skoalbern en duorret noch oant en mei september.