Huistra assistent by Vitesse
Ald-fuotballer Pieter Huistra (38) wurdt oan it begjin fan it nije seizoen assistent-trainer by Vitesse. Hy folget dêr Jan van Deinsen op as rjochterhân fan Edward Sturing.
Huistra is op dit stuit trainer fan de A-junioaren by FC Groningen. De âld-ynwenner fan Drachten spile yn it ferline ûnder oare foar FC Twente, Glasgow Rangers, it Japanske Hiroshima San Frecce en Lierse SK út België.
Trefwurden:
argyf