Nije poeierbrief net skealik

14 apr 2005 - 09:55

It poeier yn it brief dat woansdei besoarge waard by de postkeamer fan it provinsjehûs yn Ljouwert is net skealik foar de sûnens. Dat hat bliken dien út ûndersyk. Nei de fynst mochten de meiwurkers fan de postkeamer in pear oeren har wurkromte net út.

Ofrûne freed krige de provinsje ek al trije poeierbrieven. Ek doe siet der gjin skealik poeier yn. Wat it wol foar guod is en wa't de brieven stjoerd hat is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)