'Jeugd moat oplieding ôfmeitsje'

© Omrop Fryslân
De jeugd moat wer it belang ynsjen fan in diploma. Dat is gjin garânsje op wurk mar makket de kânsen wol grutter. Dat lûd wie tiisdei te hearren op de provinsjale aksjedei tsjin jeugdwurkleazens. Der binne wol fakatueres mar dy wurde meast net opfold troch jongeren dy't dat wolle, om't se de goeie papieren net ha.
Sa'n 3000 jongeren yn Fryslân binne wurkleas. Dat is 5% boppe it lanlik gemiddelde.