Psychysk stoarden de fout yn

© Omrop Fryslân
Der komme hieltyd mear minsken mei in psychyske stoarnis dy't wat strafbers dogge. Dat waard tiisdei sein yn Frjentsjer dêr't in saneamde Forensyske Psychiatryske Ofdieling, in FPA, boud wurdt. Dêr is plak foar 24 pasjinten dy't yn oanrekking komme mei justysje. Se krije in twongen behanneling.
Yn augustus is de klinyk klear. Der moat ek sa'n opfang komme foar jongeren dy't in stoarnis hawwe en de wet oertrede.