Spooksteateleden oanpakke

© Omrop Fryslân
Leden fan provinsjale steaten en de gemeenteried moatte tenei in presinsjelist tekenje om oanspraak meitsje te kinnen op har fergoeding. Neffens ChristenUnie/SGP-steatelid Otto van der Galiën is der gjin oare wize om saneamde "spooksteateleden" oan te pakken.
Spooksteateleden binne minsken dy't nea by gearkomsten oanwêzich binne. Yn Fryslân is der ien: Piet Kuipers, earder SP, no ûnôfhinkelik steatelid.