Ljouwert wol bedriuwsromte

13 apr 2005 - 05:51
Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert sit te springen om mear romte foar bedriuwen, seit wethâlder Van Mourik. Bedriuweterrein De Himrik yn it easten fan de stêd is dit jier folboud. Dêrnei kin fierdere útwreiding plakfine yn it súdwesten fan de stêd. Dêr moat oan de Algrawei in nij bedriuweterrein komme mei de namme 'Newtonpark'.

De kommisje stemde moandei yn mei de ûntwikkeling fan it nije Newtonpark. De gemeenteried moat noch wol oer de plannen beslute.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)