No 2300 Alvestêdekuierders
Oant no ta 2300 kuierders hawwe harren ynskreaun foar de 59ste Fryske Alvestêdekuiertocht. Dat binne in pear hûndert minder as dêr't de organisaasje op rekkene hie. It grutste part rint ien of twa dagen mei. Der binne 800 oanmeldings foar de folsleine fiifdaachse kuiertocht.
Ynskriuwe foar de Alvestêdekuiertocht kin noch oantemei 29 april. De tocht is fan 3 oantemei 7 maaie.
Trefwurden:
argyf