De Batting yn Harns wreidet út

© Omrop Fryslân
Yn Harns is úteinset mei de bou fan in nije fleugel by soarchsintrum De Batting. Der komme in smookromte, deibesteging-foarsjennings en in soasjeteit by. It gebou is fan Zorggroep Noorderbreedte, de oanbou is fan GGZ Fryslân. GGZ nimt al twa fleugels fan de Batting yn gebrûk.
Oarspronklik wie it de bedoeling om de nije bewenners útslutend yn dizze akkommodaasje ûnder te bringen. Mar yn de praktyk is dat net mooglik.