Cambuur en Schulting út elkoar

© Omrop Fryslân
Cambuur giet yn it nije seizoen net fierder mei Jan Schulting. Hy giet net oan de slach as assistint ûnder de nije trainer Roy Wesseling. It hat bliken dien dat der gjin gearwurking mooglik is tusken beide manlju.
It bestjoer hie earder sein mei Schulting troch te wollen. Mar in petear ferline wike tusken beide manlju is op neat útrûn. It goede gefoel ûntbrekt, seit de klub. Der wurdt no om in nije assistint socht.