Banen fuort by Flexoplast Harns

© Omrop Fryslân
By it ferpakkingsbedriuw Velsen Flexoplast yn Harns ferdwine 13 fan 125 arbeidsplakken. Dat hat de direksje moandei bekendmakke oan it personiel. Reden foar it baneferlies is dat de fraach nei ferpakkingsmateriaal net konstant is, wylst der wol 125 man op de leanlist stean.
Velsen Flexoplast wol yn de takomst fleksibeler wurkje. Twongen ûntslaggen binne net útsletten. Mooglik ferdwine noch mear banen by it bedriuw.