Van der Meulen wer beskuldige

12 apr 2005 - 06:28

In beropsgroep fan hynstehannelers en -besitters seit dat se in bewiis fûn ha foar belangeferstrengeling troch âld-foarsitter Van der Meulen fan it Hynstestamboek. Neffens de beropsgroep is dekhynst Eitse van Bommelsteyn fan Van der Meulen ferline jier net neffens de regels nei Meksiko eksporteard.

De hynst hie keurd wurde moatten, mar dat barde net. Van der Meulen sjocht dit oars. Neffens him wie de transaksje neffens de regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)