Bronkhorst mei nei Helmond
Raymond Bronkhorst sit wer by de seleksje fan Cambuur-trainer Jan Schulting. Ferline wike tiisdei waard Bronkhorst noch weromset nei it twadde, fanwege syn 'negative hâlding'. Nei ferskate petearen hat Bronkhorst snein foar it earst wer meitraind mei it earste.
De ferwachting is dat de blonde middenfjilder by de útwedstriid tsjin Helmond Sport wer fan 'e partij is.