400 reaksjes op audysje D&d

12 apr 2005 - 06:24

Omrop Fryslân hat goed 400 reaksjes krigen op de oprop foar in rol yn Dankert & Dankert. Fia in grutte ôffalrace, dy't ek op tillevyzje komt, wint in kandidaat de haadpriis: in rol yn de nije advokatedramasearje Dankert & Dankert.

Yn de sjuery sitte regisseur Steven de Jong, aktrise Meriyem Manders en filmkritikus Asing Walthaus. Peter Tuinman is ree fûn in workshop te jaan as der noch fiif kandidaten oer binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)