Bakkerijprodukten djoerder

15 mrt 2012 - 12:36

Bakkers wurde hast twongen ta hegere prizen troch de hegere grûnstofprizen. Aaien binne twakear sa djoer wurden om't de hinneboeren mear kosten hawwe. De hinnen moatte mear romte hawwe en dat kostet jild. Nôt, suvelprodukten en sûker kostje ek hieltiden mear jild. It giet om priistanames fan 20 oant 25 prosint.

Eigener Joop van der Veen van Echte Bakker Van der Kloet hat it sa mâl noch nea meimakke. Syn bakkerij hat sân festigings, ûnder oare yn Ljouwert en Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)