Bysûndere útstalling yn Ljouwert

11 apr 2005 - 17:26

It ferboude Natuurmuseum Fryslân komt dizze simmer mei in tentoanstelling fan ynternasjonale allure. De útstalling hjit 'Copyright Nature'en hat oant no ta allinne yn Den Haach te sjen west.

De tentoanstelling giet oer de natuer as ynspriaasje foar de technyk. It museum hopet der 10.000 ekstra besikers mei te lûken. De útstalling is mooglik troch de ferbouwing fan it museum. Dêrtroch is der no genôch rûmte foar gruttere eksposysjes en eveneminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)