GrienLinks oer skrassen busbaan

11 apr 2005 - 17:21

De steatefraksje fan GrienLinks is it der net mei iens dat der gjin busbaan komt tusken de Griene Stjer en Ljouwert. Fanwege de oanlis fan de wenwyk Blitsaerd yn de Bullepolder wurdt it lêste ein fan de dyk omboud nei in stedsdyk. Earder wie der ek in busbaan pland, mar dy is no ferfallen.

Neffens GrienLinks wurdt it autoferkear dêrmei net weromdrongen. Ek wol de fraksje in ûndersyk nei de kwaliteit fan de lucht foar de omwenjenden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)