Bruorren Zonderland nei EK

11 apr 2005 - 14:45

De bruorren Epke en Herre Zonderland fan de Lemmer hawwe har fan it wykein kwalifisearre foar it EK Turnjen. Dat wurdt begjin juny yn Hongerije hâlden.

Dit wykein hellen de bruorren by it kwalifikaasjetoernoai yn Roermond de mearkampslimyt fan 50.50 punten. Epke Zonderland (18) helle 50.95 punten, syn trije jier âldere broer Herre 50.75 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)