'Regels Waad moatte bekender'

© Omrop Fryslân
De gedrachsregels op it Waad binne ûnder de gebrûkers fan it gebiet noch net bekend genôch. Dat fine sawol de sjarterskippers as it ministearje fan LNV, dat oer it Waad giet.
Twa jier lyn is der in earekoade ofsletten tusken de gebrûkers fan it gebiet en de ferskillende oerheden dy 't wat te sizzen hawwe oer it Waad. Dêryn stean dy gedrachsregels, dy't oer it generaal goed wurkje. Mar de foarljochting kin better.