Ried wol prate oer bouproblemen
De gemeenteried fan Ljouwert wol mei de fêste Keamerkommisje romtlike oardening om tafel oer de problemen mei de útwreiding fan Ljouwert. De fraksjes hawwe in brief skreaun wêryn se de kommisje útnoegje in besite te brengen oan Ljouwert.
Troch prosedures en ferplichte miljeu- effektrapportaazjes komt Ljouwert kwalik oan wentebou ta. De Ljouwerter polityk wol dizze problemen graach beprate mei de Twadde Keamer-leden.
Trefwurden:
argyf