Ferlies SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De Sportklub Hearrenfean ferlear sneontejûn mei 2-1 fan de FC Twente. Yn it útferkochte Abe Lenstra-stadion wie de thúsploech yn it begjin baas op it eigen fjild, mar dat smiet gjin doelpunt op.
Jason Culina fan Twente liet twa kear sjen hoe't it wol moat. Beide kearen skoarde er út in rappe oanfal. Ugur Yildirim soarge mei in machtige frije traap foar it Feanster hichtepunt fan de jûn.