Duo skriuwt Boekewikegeskink

11 apr 2005 - 09:16

It Frysk Boekewikegeskink fan 2006 wurdt foar de earste kear troch in duo skreaun. De auteurs binne Sjoerd Bottema en Baukje Wytsma. Dat hat stifting It Fryske Boek bekend makke.

De beide skriuwers ha har paad yn de Fryske literatuer al aardich skjinfage. Wytsma benammen mei poëzij en berneliteratuer en Bottema mei proaza. De basis fan it boekewikegeskink is in briefwiksel tusken de skriuwers. It boek sil takom jier febrewaris ferskine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)