Deadlik ûngelok by Nes

© Omrop Fryslân
Op de dyk tusken Nes en Easternijtsjerk is yn de nacht fan sneon op snein in man fan 20 jier út Nes om it libben kommen by in ûngelok. De man waard skept troch in auto wylst er op de dyk rûn.
De bestjoerder wie ûnder ynfloed fan alkohol. Hy sei tsjin de plysje dat er de man út Nes pas op it lêste momint sjoen hie. Doe wie in oanriding net mear foar te kommen. De bestjoerder fan de auto is oanhâlden troch de plysje.