Brân yn flat Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn in flatwente oan de Leendert Sinnemastrjitte yn Ljouwert hat sneintemoarn brân west. De bewenner fan ien fan de wenningen is nei it sikehûs brocht. Hy hie tefolle reek binnenkrigen.
De brân is ûntstien yn de sliepkeamer fan de wenning. De brânwacht hie it fjoer binnen in pear minuten ûnder kontrôle. De bewenners fan de omlizzende wenten koene gau werom nei har huzen.