Aris ferliest fan MPC Capitals
De basketballers fan it Ljouwerter Aris hawwe sneontejûn kânsleas ferlern fan it Grinzer MPC Capitals. De einstân wie 59-100. It gong pas letter yn de wedstriid mis foar de Ljouwerters.
MPC Capitals wist doe de frije man better te finen en pakte hast alle rebounds. MPC Capitals stiet boppe-oan yn de earedivyzje. Aris stiet op in sande plak. De Ljouwerters komme takom wike sneon noch yn aksje tsjin Weert.
Trefwurden:
argyf