Minder reizgers museumbussen

© Omrop Fryslân
De spesjale bustsjinsten fan seis musea yn it Súdeasten fan Fryslân ha sneon goed hûndert minsken lutsen. Dat is wol de helte minder as ferline jier. Yn it ramt fan it museumwykein rieden der sân bussen nei musea yn ûnder oare Makkingea, Drachten, It Hearrenfean en De Gordyk.
Ferline jier koste in buskaartsje in euro. Dit jier wie de priis 5 euro. De koördinator fan de bustsjinsten tinkt dat reizgers dêrtroch weibleaun binne.