ONS wint fan ACV
Haadklasser ONS Snits hat sneontemiddei mei 0-3 wûn fan ACV út Assen. De wedstriid begûn min. Tom Haarman wist lykwols yn de ekstra tiid yn de earste helte de ploech út Snits op 0-1 te setten.
Yn de tsiende minút fan de twadde helte waard it 0-2 troch in doelpunt fan Frank Stienstra. ACV socht somtiden de oanfal, mar slagge dêr net yn. Sandor van der Heide makke yn de 85e minút fan de wedstriid de 0-3.
Trefwurden:
argyf