Mysterieus projektyl yn dak

10 apr 2005 - 10:15

By de famylje Sennema oan de Prinses Christinastrjitte op 'e Jouwer is in tsien sintimeter lange bout, fan mear as 300 gram, yn 't dak klapt. It projektyl boarde him troch de dakbedekking en in dikke laag isolaasje materiaal hinne en bleau yn de balken stekken.

Nei alle gedachten hat in fleantúch of helikopter it ding ferlern, mar dat moat noch ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)