Visio freget omtinken

© Omrop Fryslân
Yn in grut tal gemeenten hingje de kommende wiken posters fan de audioteek fan Visio yn Huizen. Dy wol sa mear bekendheid freegje. Visio is de iennige organisaasje yn Nederlân dy't harkspullen en radiodokumintêres útliend oan minsken dy't net goed sjen kinne. Visio wurket dêrfoar gear mei de omroppen.
Neffens Visio is der in grut ferlet oan harkspullen, mar wurde dy op de radio hast nea útstjoerd.