TV-searje oer dûmny Bottenbley

© Omrop Fryslân
Oer de populêre dûmny Orlando Bottenbley fan de Betheltsjerke yn Drachten wurdt in televyzjesearje makke. De docusoap sil yn seis dielen útstjoerd wurde troch de EO.
Dûmny Bottenbley hat op it stuit tûzenen folgelingen dy't sneins op syn tsjinsten ôfkomme. Dy binne sa populêr troch syn moderne wize fan wurkjen. It binne in soarte fan teatershows. De kommende moannen sille de opnames plakfine.