'Sleatten Wâlden oanpasse'

© Omrop Fryslân
It wetterskip en de feriening Noardlike Fryske Wâlden wolle it wetter op 50.000 bunder greide better fêst hâlde. Dêrfoar moatte de sleatten yn in grut part fan de Wâlden oanpast wurde.
De feriening Noardlike Fryske Wâlden is in gearwurking fan boeren en lâneigners. Freed tekenen alle belutsen in yntinsjeferklearring. Underdiel fan dy yntinsjeferklearring is in konkreet tal maatregels, lykas de opfang fan wetter.