Nynke Laverman nei keninginne

© Omrop Fryslân
Nynke Laverman is op 30 april ien fan de artysten dy't optrede mei foar keninginne Beatrix. Op it Malieveld yn Den Haach wurdt dan in grut konsert hâlden, fanwege it 25-jierrich jubileum fan de keninginne. It konsert wurdt ek streekrjocht útstjoerd op tv.
De foarstelling Lytse Fûgel fan Tryater giet op 30 april net troch. Nynke Laverman spilet mei yn Lytse Fûgel. Sy moat middeis al by de repetysjes yn Den Haach wêze.