Nije kaart busferfier Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippij Arriva komt fan moandei ôf mei in nij soart buskaart yn it stedsferfier fan Ljouwert: de Buitkaart. Dy is bedoeld foar minsken dy't jûns op stap gean en nachts net mear mei de bus werom kinne.
It buskaartsje dat se by de bussjauffeur kocht ha, kinne se dan op de weromreis brûke yn in taksi. Minsken hoege dus net langer rekken te hâlden mei de tiden fan de lêste bus. De buitkaart kostet fiif euro.