Veltman nei Harkemase Boys
Cambuur-spiler Davy Veltman spilet it kommend seizoen by Harkemase Boys. It kontrakt fan de middenfjilder is nei fiif jier net ferlingd troch de Ljouwerter club.
De 24-jierrige fuotballer makket no de oerstap fan it betelle fuotbal nei de sneons-haadklasser út de Harkema. Foardat er fiif jier yn de A-seleksje siet folge Davy Veltman ek syn oplieding by Cambuur.
Trefwurden:
argyf