Spul oer oar plak Lemster merk

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân fynt it spitich dat de merkkeaplju gjin begryp ha foar it ferpleatsen fan de merk op de Lemmer. De gemeente moast de wykmerk yn it Peaske-wykein op in oar plak hâlde, omdat de merke yn it doarp kaam. Oars hat de Lemmer dy merke pas mei Himelfeart, mar op dy dei koene de merkeminsken net.
Ferskate merkkeaplju wolle in skeaklaim yntsjinje by de gemeente. Se sizze dat se minder fertsjinne ha.