Deputearre driget op te stappen

© Omrop Fryslân
Deputearre Mulder driget mei ôftreden, as de steaten fêsthâlde oan hege easken foar Frysk yn it ûnderwiis. De steaten fine dat it Frysk op itselde nivo jûn wurde moat as it Nederlânsk. Mulder is it dêr net mei iens. Hy hat mei it Ryk ôfpraat dat Frysk op in nivo jûn wurde sil dat oanslút by de learling.
At it skeel útrint op in politike rúzje, stapt Mulder op. Hy fynt dat de steaten earder har miening jaan moatten hiene oer de ôfspraken mei it Ryk.