Pieter Bijl ferlit Hearrenfean
Pieter Bijl ferlit nei dit seizoen de Sportklub Hearrenfean. It kontrakt fan de âld-spiler rint dan ôf. Op dit stuit is hy trener fan de A-junioaren en assistint by it belofteteam en de A-seleksje. Ferline jier kaam Bijl oer fan de amateurs fan Flevo Boys.
Bijl folget de kursus coach betelle fuotbal. Earder wie hy twa jier assistint by Heracles Almelo.
Trefwurden:
argyf