Binnenskip sonken op Iselmar

08 apr 2005 - 09:06

In binnenfeartskip mei in lading granyt is tongersdei sonken op de Iselmar. It skip lei foar anker tusken Urk en De Lemmer. Doe't it waar minder waard, woene rêdingsboaten en in bergingsskip helpe. Mar der wie gjin rêden mear oan doe't de golven troch de ruten fan it skip sloegen. It sonk hiel gau.

It skip leit de oare skipfeart net yn it paad, seit it KLPD, it Korps Landelijke Politiediensten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)