Smellingerlân nei Israël

© Omrop Fryslân
In delegaasje út Smellingerlân sil nije wike op besite yn Kiryat Ono yn Israël. De gemeente hat al 40 jier in freonskipsbân mei dy stêd. De besite hie ferline jier al wêze sillen, mar waard útsteld fanwege de oanslach op de Palestijnse lieder sjeik Yassin. Dat soarge foar in soad reboelje.
Op it programma steane ûnder oare besites oan it gemeentebestjoer fan Kiryat Ono en it fernijde holocaustmuseum Yad Vashem yn Jeruzalem.