Fleske mei metadon ferlern

© Omrop Fryslân
Yn de omjouwing fan de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is woansdei in fleske metadon ferlern. It giet om in glêzen fleske mei grien guod deryn. Der sit in etiket fan apteek Sonnega op. It gif kin deadlik wêze, foaral as lytse bern it ynnimme.
De plysje hat der mei hûnen nei socht mar neat fûn. Wa't it fynt of fûn hat wurdt frege kontakt op te nimmen. Dat kin fia it nûmer 0900-8844.