Straf easke foar keeper Fean

07 apr 2005 - 15:18

Foar de rjochtbank fan Brugge, yn België, is woansdei in swiere straf easke tsjin keeper Brian Vandenbussche fan fuotbalklub SC Heerenveen. Vandenbussche komt oarspronklik út Brugge. Der waard in swiere straf tsjin him easke om't er meidien hawwe soe oan in kroechrúzje yn België, goed trije jier lyn.

Dêrby waard in Nederlânske man troch in etalaazjerút goaid. De advokaat fan Vandenbussche easket frijspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)