Steaten: CDA lulk op FNP

07 apr 2005 - 12:09
Foto: Omrop Fryslân

De CDA-steatefraksje is lulk op de kollega's fan de FNP om't dy net fierder prate wolle oer it modernisearjen fan gemeentebestjoeren. Dy partij wol oer it ûnderwerp yn de steaten net fierder prate en hat alle Fryske gemeenten dat yn in brief witte litten. Neffens CDA-fraksjefoarsitter Van der Ham oerskriedet de FNP mei dizze aksje alle fatsoensnoarmen.

Yn maaie sille beide partijen om tafel om de saak út te praten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)