Enkête nei sportgedrach Friezen
Sportstipe-organisaasje Sport Fryslân wol witte hoefolle Friezen sporte en yn beweging binne en is fan doel dêroer in grutte enkête te hâlden. Mooglik wurdt dat yn 'e mande dien mei sûnens- organisaasje GGD. Dêr wurdt noch oer praat.
Ek yn oare provinsjes binne dit soarte fan enkêtes hâlden. It moaiste soe wêze as je fan alle gemeenten apart witte hoefolle minsken oan sport dogge. Dan witte je hoe sûn de Friezen binne.
Trefwurden:
argyf