Sel easke tsjin Menamer plysje

© Omrop Fryslân
It iepenbier ministearje yn Ljouwert hat twa jier sel easke tsjin in plysjeman (51) út Menaam. De man soe syn frou mei in wapenstok ferkrachte ha en in strôp om har hals bûn ha. Fierder soe er syn frou mishannele ha troch har te piercen en stroomskokken te jaan.
De saak is achter sletten doarren behannele fanwege de gefoeligens derfan. It seksueel misbrûk hat neffens it iepenbier ministearje duorre fan 1991 oant 2003.