Stipe fiering 550 jier Boalsert
De fiering fan 550 jier stedsrjochten foar Boalsert makket kâns op 40.000 euro subsydzje fan de provinsje. In part fan dat jild komt út de pot foar plattelânsprojekten.
In inisjatyfgroep hat ferskate projekten oandroegen foar stipe út dy pot. Neist Boalsert steane ûnder oaren de soarchbuorkerij Gerbranda State by Harns, it mobile moetingsplak yn de gemeente Frjentsjerteradiel en it sportkompleks Sint Jabik op de list.
Trefwurden:
argyf